Post Description
Yn de jierren fan harren bestean fersoargen hja hilaryske optredens fan Tsjong oan't Aaipop en fan achtertún oan't doarpskroech. Hja makken namme troch harren drûchkomyske teksten, mimyk en ferhalen tusken de ferskes troch. De single Lik op stik betsjutte in regionale trochbraak, dit nûmer is noch altyd yn de heegste regioanen fan de Fryske top 100 te finen. Der folgen twa cd's: yn 2003 'Lik op stik' yn eigen behear en yn 2007 'Altyd wat' by Marista.
Begjin 2011 besleaten 'de jonges' in punt te setten efter de muzikale gearwurking.
Comments # 0